Leeuwarden

Leeuwarden is in 2018 culturele hoofdstad van Europa en samen met Explore the North en Lân fan taal nodigen we dat jaar vier auteurs en twee fotografen uit om zich te laten inspireren door de Friese hoofdstad.

Hassan Blasim

Hassan Blasim

De hond John Lennon

الكلب جون لينون

Audioboek in het Nederlands:

afspelen De hond John Lennon

Luister & Lees

De geschiedenis van Leeuwarden gaat terug tot in de Romeinse tijd. Toen woonden er al mensen op de plek waar nu de Oldehove staat. Leeuwarden is ontstaan op terpen die werden opgeworpen aan een inham van de Middelzee die later dichtslibde en werd ingepolderd.

De zestiende en zeventiende eeuw vormden een gouden tijd voor Leeuwarden. De stad kreeg aanzien doordat het eeuwenlang de residentie vormde van de Friese Nassau’s, die stadhouder werden van de noordelijke provincies. In de Gouden Eeuw kwam ook de adel op in Leeuwarden. Leeuwarden behoorde destijds tot de tien meest aanzienlijke steden van Nederland. Daarvan getuigen prachtige gebouwen als de Kanselarij (waar recht gesproken werd), het Stadhouderlijk Hof, de Waag (het centrum van de handel) en de scheve toren de Oldehove, een belangrijk symbool voor de stad. Er zijn nog bijna 500 (rijks)monumenten in de binnenstad te vinden. In de negentiende eeuw ontwikkelde Leeuwarden zich niet als fabrieksstad, maar specialiseerde zich in de handel in agrarische producten, gericht op de eigen omgeving. De diensten- en zorgsector is nog steeds belangrijk voor de stad.

Tegenwoordig telt Leeuwarden ruim 100.000 inwoners. Ongeveer de helft van de bevolking spreekt Nederlands in het dagelijks leven, één vijfde deel spreekt het stadsdialect Liwwadders en de overigen Fries of een buitenlandse taal.

Heel wat bekende Nederlandse schrijvers zijn in Leeuwarden geboren, gingen er naar school of hebben er gewerkt, onder wie François HaverSchmidt, Havank, J.J. Slauerhoff, Simon Vestdijk, Geert Mak, Michaël Zeeman, Annejet van der Zijl, Pieter Boskma en Kees 't Hart.

Leeuwarden heeft een levendige cultuurscene met literaire activiteiten, theater (inclusief het Friese theatergezelschap Tryater), tentoonstellingen (met name in de Princessehof, het Natuurmuseum en het Fries Museum), muziek (onder meer bij Neushoorn), met cultuur in stadsschouwburg De Harmonie en met festivals zoals Welcome to the Village en Explore the North.

 

citybooks Leeuwarden

In 2018 was Leeuwarden culturele hoofdstad van Europa en in het ruimere kader van Leeuwarden-Frieslân 2018 vond citybooks Leeuwarden plaats. We nodigden vier auteurs en twee fotografen uit om zich te laten inspireren door de Friese hoofdstad, in samenwerking met de locale partners Explore the North, Lân fan taal en Leeuwarden Culturele Hoofdstad.

De Irakees-Finse auteur Hassan Blasim verbleef eind 2017 als eerste auteur twee weken in Leeuwarden om een citybook te schrijven. Daarna was de Belgische roman- en theaterschrijver Erik Vlaminck te gast. De Friese dichter Arjan Hut werd uitgenodigd om een citybook te schrijven over zijn thuisstad. Als vierde gastauteur verwelkomden we LaTasha N. Nevada Diggs, een experimentele dichter en performancekunstenaar uit Harlem, New York. Zij was in september 2018 te gast in Leeuwarden en heeft in die periode ook verschillende keren opgetreden in de Lage Landen.

Voor het visuele luik van citybooks Leeuwarden nodigden we twee beeldend kunstenaars uit. Chantal Rens vertrekt in haar werk vaak van foto's, die zij in verrassende collages nieuwe betekenislagen geeft. Illustratrice Anne Margot Stapert dook de Leeuwardse geschiedenis in en vertaalt dit naar hedendaagse digitale collages.

De citybooksverhalen en -gedichten over Leeuwarden zullen niet alleen in het Nederlands en Engels – en in Blasims geval uiteraard ook in het Arabisch – te lezen en beluisteren zijn, maar ook in het Fries.

Tijdens Explore the North 2018 werd citybooks Leeuwarden gevierd met een feestelijk evenement met op 22 november 2018 optredens van de auteurs en een tentoonstelling van de visuele stadsportretten van 11 tot 24 november.

 

Partners

  • Lees meer over Leeuwarden Culturele Hoofdstad op www.friesland.nl
  • Explore the North benut de binnenstad van Leeuwarden als podium voor schrijvers, muzikanten, dansers en acteurs uit alle windstreken. Lees meer en ontdek het festivalprogramma op www.explore-the-north.nl/over-ons
  • Lân fan taal is een vrijstaat voor álle talen van de wereld, waarin alle talen gelijk zijn en taal grenzeloos is. Lees meer op www.lanfantaal.nl/

Ljouwert

Ljouwert wie yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa en yn 'e mande mei Explore the North en Lân fan taal hawwe we dat jier fjouwer skriuwers en twa fotografen útnûge om har ynspirearje te litten troch de Fryske haadstêd.

De skiednis fan Ljouwert begjint yn ’e Romeinske tiid. Doe wennen der al minsken op it plak dêr’t no de Aldehou stiet. Ljouwert is ûntstien op terpen, opsmiten oan in ynham fan ’e Middelsee, dy’t letter tichtslibbe en dernei ynpoldere waard.
De 16e  en 17e  iuw wienen in gouden tiid foar  Ljouwert. De stêd krige oansjen as residinsje fan ’e Fryske Nassaus, stedhâlders fan de noardlike provinsjes, dy’t der in pear iuwen wenne hawwe. Yn de Gouden Iuw kaam ek de adel op yn Ljouwert.  Ljouwert wie yn dy snuorje ien fan de tsien meast foaroansteande stêden fan Nederlân. De stêd hat noch in stikmannich prachtige gebouwen dy’t tsjûgje fan dy tiid, lykas de Kânselerij (dêr’t rjochtsprutsen waard), it Stedhâlderlik Hôf, de Waach (hannelssintrum) en de skeane toer, de Aldehou, in wichtich symboal foar de stêd. Der binne noch sa’n 500 (ryks)monuminten yn 'e binnenstêd te finen. Yn de njoggentjinde iuw waard Ljouwert net in yndustrystêd, mar groeide út ta in hannelssintrum, mei benammen hannel yn lânbouprodukten út ’e omkriten. De tsjinste- en soarchsektor is noch altyd wichtich foar de stêd. Hjoeddedei hat Ljouwert goed 100.000 ynwenners. Likernôch de helte fan de befolking praat yn it deistich libben Nederlâns, sawat in fyfde it stedsdialekt – it Liwwadders – en  de rest Frysk of in bûtenlânske taal.
In soad bekende Nederlânse skriuwers hawwe in bân mei Ljouwert: se binne der berne, hawwe der nei skoalle gien of wurke, lykas François Haverschmidt, Havank, J.J. Slauerhoff, Simon Vestdijk, Geert Mak, Michaël Zeeman, Annejet fan der Zijl, Pieter Boskma en Kees 't Hart.
Ljouwert hat in bloeiend kultureel libben, mei literêre aktiviteiten, teater (û.o. it Fryske toanielselskip Tryater), tentoanstellingen (benammen yn de Princessehof, it Natuermuseum en it Frysk Museum), muzyk (û.o. yn de Neushoorn), kultuer yn de stedsskouboarch De Harmonie en ferskillende kulturele festivals lykas Welcome to the Village en Explore the North.

citybooks Ljouwert


Yn 2018 wie Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa en yn it gruttere ramt fan ‘Ljouwert-Fryslân 2018’ hat ‘citybooks Ljouwert’ plakfûn. We hawwe fjouwer skriuwers en twa fotografen útnûge om har ynspirearje te litten troch de Fryske haadstêd, soks yn gearwurking mei de pleatslike partners Explore the North, Lân fan taal en Ljouwert Kulturele Haadstêd.
De Irakees-Finske skriuwer Hassan Blasim útfanhuze ein 2017 as earste skriuwer twa wike yn Ljouwert om in citybook te skriuwen. Hy waard opfolge troch de Belgyske roman- en toanielskriuwer Erik Vlaminck. Doe is de Fryske dichter Arjan Hut útnûge om in citybook te skriuwen oer syn eigen thússtêd Ljouwert. En de fjirde wie LaTasha N. Nevada Diggs, in eksperimintele dichter en performanskeunstneresse út Harlem, New York. Sy wie yn septimber 2018 te gast yn Ljouwert en hat yn dy snuorje ek in kearmannich optreden yn Nederlân en België.
Foar it fisuele part fan citybooks Ljouwert hawwe we twa byldzjende keunstners útnûge. Chantal Rens giet yn har wurk faak út fan foto’s, dy’t yn har nijsgjirrige kollaazjes nije betsjuttingslagen krije. Yllustratrise Anne Margot Stapert is yn de Ljouwerter skiednis dûkt en hat dy oerset nei hjoeddeiske digitale kollaazjes.
De citybooksferhalen en -gedichten oer Ljouwert binne net allinnich yn it Nederlânsk en Ingelsk – en yn it gefal fan Blasim fansels ek yn it Arabysk – te lêzen en te beharkjen, mar ek yn it Frysk.
Tidens Explore the North 2018 hat men citybooks Ljouwert fierd mei optredens fan de skriuwers en in eksposysje fan de fisuele stedsportretten fan 11 oant 24 novimber.

Partners
•    Lês meer oer Ljouwert Kulturele Haadstêd op www.friesland.nl

•    Explore the North brûkt de binnenstêd fan Ljouwert als poadium foar skriuwers, muzikanten, dûnsers en akteurs út alle wynstreken. Lês en ûntdek it festivalprogramma op www.explore-the-north.nl/over-ons

•    Lân fan taal is in frijsteat foar álle talen fan ’e wrâld, dêr’t alle talen gelyk binne en taal gjin grinzen hat. Lês mear op www.lanfantaal.nl