Chantal Rens

Chantal Rens (1981, Etten-Leur) studeerde aan de Academie voor Beeldende Vorming (richting textiel en 3-dimensionale vormgeving) te Tilburg. In 2002 won ze de De Pont Atelier Prijs en de Stimuleringsprijs Beeldende Kunst van de Gemeente Tilburg. Haar werk bestaat met name uit collages met fotografie als uitgangspunt en kunstenaarsboeken.

Sinds 2008 werkt ze samen met kunstenaar/cartoonist Gummbah aan het project Nobody Forever, een collectie handgemaakte truien met apodictische slogans zoals KARL MARX IS MY BITCH en ONS SUCCES IS ONS SUCCES wat in 2008 onder andere resulteerde in de publicatie Nobody Loves Me (2e herziene uitgave 2013). In 2014 richtten ze samen in Tilburg de uitgeverij PANTOFLE BOOKS op.

Over haar in 2016 verschenen boek YOU RUN AROUND TOWN LIKE A FOOL AND YOU THINK THAT IT’S GROOVY – een verzameling collages van dieren die op hun rug een alcoholische versnapering balanceren – werd gezegd 'misschien wel het meest overbodige maar absoluut het meest grappige boek van 2016'.

 

 

Cats and Dogs in the Window - Chantal Rens

Cats and Dogs in the Window is een doorlopend fotografieproject waarbij Rens foto's maakt van – zoals de titel aangeeft – katten en honden in het raamkozijn van hun woning. Bij tijd en wijle verschijnt er een reeks van deze foto’s in een publicatie, waarvan er sinds 2017 vier delen zijn verschenen. Ook in Leeuwarden fotografeerde ze verder aan deze reeks, je ziet deze Friese selectie via #cdw_lf2018

In juli 2018 was Chantal Rens twee weken te gast in Leeuwarden. Ze trok met haar fotocamera de stad in en verzamelde heel veel beeldmateriaal. Het resultaat is Review Leeuwarden: een fascinerende en humorvolle mix van handgemaakte, analoge collages, snapshots, readymades, maar ook knipsels uit Huis-aan-Huis Leeuwarden en de Leeuwarder Courant.


Tentoonstelling

© chantal rens - snapshot memoryVan 11 november tot 8 december 2018 stelt Chantal Rens haar citybook tentoon in Leeuwarden. Voor de expo maakte Rens onder meer van de snapshots een memoryspel. Daarnaast maakte ze een reeks collages van haar eigen foto's  - ongebruikelijk voor haar werk, waarin ze meestal van gevonden beeldmateriaal vertrekt. De collage's verwerkte ze tot een tweede memoryspel, maar stelt ze ook tentoon in gevonden fotolijstjes en verwerkt tot een kussen.

 

 


 

Chantal Rens


Chantal Rens (1981, Etten-Leur) studearre oan de Academie voor Beeldende Vorming (ôfdieling tekstyl en 3-dimensjonale foarmjouwing) fan Tilburg. Yn 2002 hat se de De Pont Atelier Prijs en de Stimuleringsprijs Beeldende Kunst fan de Gemeente Tilburg wûn. Har wurk bestiet foar it grutste part út kollaazjes mei fotografy as útgongspunt, en keunstnersboeken.
Sûnt 2008 wurket se gear mei keunstner/kartoonist Gummbah oan it projekt Nobody Forever, in kolleksje selsbreide truien mei apodiktyske biedwurden lykas
KARL MARX IS MY BITCH en ONS SUCCES IS ONS SUCCES, mei ûnder mear as risseltaat de publikaasje Nobody Loves Me yn 2008 (2e opnij besjoene útjefte 2013). Yn 2014 hawwe se tegearre yn Tilburg de útjouwerij PANTOFLE BOOKS oprjochte.

Oer har yn 2016 útkommen boek YOU RUN AROUND TOWN LIKE A FOOL AND YOU THINK THAT IT ’S GROOVY – in samling kollaazjes fan bisten mei in glês bier of wyn op 'e rêch – waard skreaun: ‘miskien wol it meast oerstallige, mar sûnder mis it grappichste boek fan 2016’.

Cats and Dogs in the Window - Chantal Rens

Cats and Dogs yn the Window is in trochrinnend projekt fan portretten fan – de titel seit it al – katten en hûnen foar it rút fan it hûs dêr’t se wenje. No en dan publisearret Rens in rige fan dy foto’s, sûnt 2017 binne der al fjouwer dielen ferskynd. Ek yn Ljouwert wurke se fierder oan dit projekt, de Fryske seleksje is te sjen fia: #cdw_lf2018
Yn july 2018 wie Chantal Rens twa wike te gast yn Ljouwert. Se teach mei har fototastel de stêd yn en sammele in hiel soad byldmateriaal. It risseltaat is Review Leeuwarden: in fassinearjende en humoristyske miks fan mei de hân makke, analoge kollaazjes fan snapshots, readymades, mar ek knipsels út de Huis-aan-Huis Leeuwarden en de Leeuwarder Courant.