Anne Margot Stapert

Anne Margot Stapert (1993, Jorwerd) studeerde illustratie aan Academie Minerva in Groningen. Ze verzamelt foto’s uit (mode)magazines en natuurboekenboeken. Deze foto’s gebruikt ze als inspiratie en materiaal voor haar digitale collages. Tijdens haar studie liep ze stage In New York bij onder andere The Society of Illustrators. Na haar afstuderen in 2016 richtte ze met een groep vrienden het illustratiecollectief ‘Knetterijs’ op en heeft ze voor verscheidene opdrachtgevers gewerkt, zoals Trouw en de Hanze Hogeschool.

Voor citybooks Leeuwarden maakte ze in de zomer van 2018 een visueel stadsportret. Ze dook de geschiedenis van de stad in en vermengde deze in een reeks digitale collages met het hedendaagse stadsbeeld.

De inspiratie vond ze in het Historisch Centrum Leeuwarden, waar ze in oude kranten en boeken over de stadsgeschiedenis las. In de Leeuwarder Courant verscheen bijvoorbeeld een reeks verhalen uit het gemeentearchief waarin gruwelijke maar ook bizarre branden, moorden en rampen beschreven werden van de 17e tot de 20e eeuw.

Ze koos er twaalf uit waarin een specifieke locatie in de stad beschreven wordt die nu nog terug te vinden is. In haar tekeningen contrasteert ze deze hedendaagse stadszichten in kleur met grijze, gezichtloze schimmen uit het verleden. Zo schemert het verleden door op de plaatsen waar mensen tegenwoordig winkelen of hun hond uitlaten zonder te weten wat daar zich vroeger aan interessante gebeurtenissen afspeelden.

 


Anne Margot Stapert


Anne Margot Stapert (1993, Jorwert) studearre yllustraasje oan de Academie Minerva yn Groningen. Se sammelet foto’s út (moade)tydskriften en natuerboeken en brûkt dy as ynspiraasje en materiaal foar har digitale kollaazjes. Foar har stúdzje hat se yn New York staazjerûn by ûnder oaren The Society of Illustrators. Nei har stúdzje rjochte se yn 2016 mei in ploech freonen it yllustraasjekollektyf ‘Knetterijs’ op en hat se wurke foar ferskillende opdrachtjouwers, lykas Trouw en de Hanze Hogeschool.
Foar citybooks Ljouwert hat se yn ’e simmer fan 2018 in fisueel stedsportret makke. Se ferdjippe har yn ’e skiednis fan ’e stêd en befrissele har befiningen yn in rige digitale kollaazjes mei it byld fan de stêd sa’t dy der hjoeddedei hinne leit.
De ynspiraasje fûn se yn it Historisch Centrum Leeuwarden, dêr’t se omsneupte yn âlde kranten en boeken oer de stedsskiednis. Bygelyks in rige yn de Leeuwarder Courant fan ferhalen út it gemeente-argyf oer grouwélige mar ek bjusterbaarlike moarden, brânen en rampen fan de 17e oant de 20e iuw. 
Se hat tolve ferhalen útsocht dy’t har ôfspylje op in spesifike lokaasje yn Ljouwert dy’t no ek noch werom te finen is. Dernei hat se yn har tekeningen dy hjoeddeiske stedsgesichten yn kleur ôfset tsjin skiere skimen sûnder gesicht út it ferline. Sadwaande skimeret it ferline troch op de plakken dêr’t tsjintwurdich minsken winkelje of de hûn útlitte wylst se der gjin aan fan hawwe wat him dêr eartiids oan nijsgjirrigs of grouwélichs ôfspile hat.